Grien ljocht foar keapsnein yn Smellingerlân

Neat stiet in keapsnein yn Smellingerlân mear yn it paad, no't de kristlike partijen de kommende fjouwer jier net mear mei bestjoere sille. Tiisdeitejûn waard bekend dat der in koälysje komt fan ELP, VVD, PvdA en Grien Links/FNP. Dêrmei is it foar it earst yn de histoarje dat alle kristlike partijen yn de opposysje komme.
Foar de ûndernimmers stiet it ljocht ynkoarten dus op grien, as it giet om de keapsnein. Dat der no lang om let tastimming komme kin foar de kontroversjele keapsnein yn Drachten, wurdt troch de ûndernimmers posityf ûntfongen. Der liket sels in feroaring te wêzen yn it foardiel fan de keapsnein by it kristlik part fan de ûndernimmers yn it sintrum fan Drachten.
Mear geselligens
"Het werd tijd, ik zit met smart te wachten", seit in ûndernimmer. "Er moet meer gezelligheid komen in het centrum en meer toerisme." Se hopet dat it op sneins krekt sa drok wurde sil as op sneons. Neffens de ûndernimmers rinne se no ek ynkomsten mis, omdat der gjin keapsnein is. "Minsken dy't hjir komme, binne echt teloarsteld as se hearre dat de winkels op snein ticht binne", fertelt in ûndernimmer.
Ek it grutste part fan it winkeljend publyk is bliid mei de komst fan in keapsnein. "Dan hoef ik niet meer naar Beetsterzwaag of naar Gorredijk", seit in frou. Neffens in oar hoecht de keapsnein net alle wiken ynfierd te wurden. "Alle sneinen iepen, dêr sjoch ik gjin mearwearde yn. Mar ik fyn wol dat de ûndernimmers sels de frijheid krije moatte om iepen te gean."