Ratatoelje #9: Sietske bakt Victoria Spongecake

10 maaie 2018 - 11:45

Bûter, sûker, aaien, sitroenrasp, selsrizend bakmoal, sjem, ierdbeien, poeiersûker.

Yn de kulinêre searje Ratatoelje fan Finster op Fryslân meitsje Friezen fan ferskillende achtergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Ien fan dy Friezen is deputearre Sietske Poepjes: "Yn de polityk bist altyd mei praten oan de gong. Ik wol ek wolris wat meitsje dat net mei wurden is, mar mei de hannen."

It is sa stadichoan wol bekend dat Sietske Poepjes fan bakken hâldt. Alle sneonen hat se in bakrubryk yn it Omrop Fryslân-radioprogramma Sneon yn Fryslân. Har leafde foar bakken ûntstie yn Grins, doe't se op keamers wenne. Fan har lytse studintebudzjet kocht se in bakboek fan de ferneamde Ingelske kok Nigella Lawson. Se begûn te bakken en is nea wer ophâlden.

Trefwurden: 
Sietske Poepjes Ratatoelje
(advertinsje)