Waadkampus op It Amelân no offisjeel iepen

09 maaie 2018 - 15:17

It Amelân hat sûnt woansdei offisjeel in Waadkampus. Der binne twa wurklokalen en fergaderromtes yn de kampus, dy't bedoeld is as netwurkorganisaasje en om ûnderwiis en ûndersyksprojekten te hawwen op it mêd fan it Waadgebiet. It idee derachter is dat in eilân in moai natuerlik ôfbeakene gebiet is en dêrmei in perfekte eksperimentearromte is. De kampus sit yn it Natuurcentrum Ameland.

Neffens deputearre Klaas Kielstra kin de Waadkampus direkt bydrage oan de ferbreding fan de ekonomy op it eilân.

Trefwurden: 
Waadkampus It Amelân
(advertinsje)
(advertinsje)