Rekôrtal besikers foar keramyk yn it Princessehof

09 maaie 2018 - 14:52

In rekôrtal minsken besocht de tentoanstelling Ceramic Reflections in Contemporary Art yn it Princessehof yn Ljouwert. De tentoanstelling luts yn fiif moanne tiid likefolle besikers as oars oer in hiel jier helle wurdt.

Goed 35.000 minsken kamen te sjen nei keramyk út de hjoeddeistige keunstwrâld. It liet sjen wat de rol fan keramyk is yn dizze tiid.

(advertinsje)