Bartelje: Frysk foar it Baskyske 'bertsolaritza'

De heechmis fan de dichtfoarm: Bertsolari Txapelketa Nagusia (it Grut Bertsolari Kampioenskip)
'Bartelje' wurdt de Fryske fariant op de Baskyske 'bertsolaritza'. In groepke Friezen wol dizze poëtyske keunstfoarm út Baskelân op Fryske grûn opbloeie litte.
Tûzenen taskôgers yn Baskelân
'Bertsolaritza' is poëzy, ymprovisaasje en muzyk tagelyk. In 'bertso' is in muzikaal fers yn Baskyske styl. De sjonger fan de 'bertso' krijt in ûnderwerp oanrikke en moat dêr binnen in heale minút in liet oer sjonge - op rym. Yn Baskelân is dizze keunstfoarm tige populêr.
Tûzenen minsken komme dêr by elkoar om de striid tusken de bêste 'bertsolari' te folgjen. It Grut Bertsolari Kampioenskip (Bertsolari Txapelketa Nagusia), dat ienris yn 'e fjouwer jier holden wurdt, lûkt sels 15.000 taskôgers en wurdt live op telefyzje útstjoerd.
Der binne yn Baskelân sels spesjale bertsolaritza-skoallen dêr't bern de keunstfoarm ûnder de knibbel krije kinne.
Fryslân DOK
Ek yn Fryslân wurdt besocht dizze keunst fan de grûn te krijen. Yn it Frysk hjit it 'bartelje', mei in knypeach nei 'boartsje' en it Ingelske 'battle'.
Op 18 maaie is der in feestlike jûn yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert. Dêr sil de Fryslân DOK-dokumintêre 'Súksesferhaal fan in minderheidstaal' yn premjêre gean, oer it Baskyske bertsolari-fenomeen. Op dizze jûn kin men sels ek besykje om te barteljen.
Baskysk/Fryske bartelpartij
Yn de wike fan 1 oant 8 july stiet it Baskysk sintraal yn it talepaviljoen MeM. In profesjonele Baskyske bertsolari sil dan workshops jaan en der sil in Baskysk/Fryske bartelpartij holden wurde.
De Barteliers
De fiif minsken dy't, ferienige as de Barteliers, it barteljen yn Fryslân yntrodusearje, binne Bart Kingma, Gerard de Jong, Elmar Kuiper, Mirjam Vellinga en Syds Wiersma.