Tritich oeren wurkstraf foar deadlike oanriding Lauwerseach

09 maaie 2018 - 14:10

De rjochtbank yn Grins hat in 64-jierrige frou út Haren frijsprutsen fan in misdriuw by de deadlike oanriding yn Lauwerseach foarich jier. Wol krijt se in wurkstraf fan tritich oeren, omdat se in ferkearsoertrêding "mei grutte gefolgen" begien is.

Ek krijt se in rydûntsizzing fan seis moannen, wêrfan trije moannen ûnder betingst.

By de oanriding kamen twa minsken út Grins om it libben. De frou út Haren ried in heit en twa bern op op it parkearplak yn Lauwerseach. Sy woenen mei de boat nei Skiermûntseach. De 45-jierrige heit en syn dochter fan tsien kamen om.

(advertinsje)