Acht jier sel en tbs foar deadlike stekpartij Berltsum

09 maaie 2018 - 13:52

De 57-jierrige man dy't foarich jier yn in pensjon yn Berltsum in 43-jierrige man deastuts, is feroardiele ta acht jier sel en tbs mei twangferpleging. It Iepenbier Ministearje hie tsien jier sel en tbs easke.

Lûdsoerlêst

De stekpartij wie op 5 augustus foarich jier, yn pensjon Welgelegen yn Berltsum. De manlju fan 43 en 59 jier hienen him yn syn keamer opsocht ha, omdat se lêst hienen fan it lûd dat er feroarsake. De man fielde him bedrige en pakte syn mes. It 43-jierrige slachtoffer oerlibbe it net, de oare man rekke ferwûne.

Skizofreny en grutheidswaan

De fertochte is psychysk ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dêr waarden meardere oandwaningen fêststeld, ûnder oare skizofreny en grutheidswaan. De man is fermindere tarekkenber.

Hy moat it 59-jierrige slachtoffer in skeafergoeding fan 6.100 euro betelje.

Trefwurden: 
justysje Berltsum stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)