Direkteur: Ein oan Wellzo soe kwetsberen yn problemen bringe

As der in ein komt oan wolwêzensynstelling Wellzo yn Ljouwert, dan komme kwetsbere minsken yn de problemen. En dat betsjut krekt hegere soarchkosten. Dat seit Ernst Janssen, direkteur fan Wellzo yn reaksje op de besuniging fan de gemeente Ljouwert.
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert makken tiisdei bekend dat de subsydzje fan 2,2 miljoen euro oan Wellzo stopset wurdt mei yngong fan 1 july 2019.
Minder gau yn isolemint
Wellzo docht jongerenwurk, jout stipe oan mantelsoargers en regelet dat minsken as frijwilliger oan it wurk kinne. Neffens Janssen bloeie minsken op troch it wurk fan Wellzo, se wurde selsredsum en reitsje minder gau yn in isolemint. Wellzo wurdt foar 90 persint betelle troch subsydzje. Der wurkje sa'n 40 minsken.
"Niet de schoonheidsprijs"
De besuniging fan de gemeente Ljouwert komt foar Janssen "als een donderslag bij heldere hemel". Se wiene yn petear mei de gemeente en oare wolwêzensynstellings om de kosten fan dit wurk nei ûnderen te bringen. Mar dat B en W Wellzo yn in brief fertelt dat de organisaasje al syn subsydzje kwytrekket, dêr is Janssen min oer te sprekken. "Om het netjes te zeggen: het verdient niet de schoonheidsprijs", seit Jansen.
De gemeenteried moat noch in beslút nimme oer de besunigingsplannen.