Peiling oer takomst Van Hall

19 jun 2012 - 15:37

Meiwurkers fan hegeskoalle Van Hall Larenstein komme woansdei byinoar yn Swolle. Se dogge dêr mei oan in peiling nei de fraach oft Van Hall Larenstein wol of net trochgean moat mei de gearwurking mei de Universiteit fan Wageningen.

Oer dy gearwurking is al jierren in soad te dwaan. Tsjinstanners binne benaud dat by gearwurking de hbo-ynstelling net folle mear te sizzen hat oer finânsjes en belied. Foarstanners fine dat gearwurking goed is foar de kwaliteit fan de opliedings. De útkomst fan de peiling is net binend.

It Kolleezje fan Bestjoer nimt in definityf beslút. By in peiling earder dit jier wie 60 persint fan de meiwurkers foar mear gearwurking. Van Hall Larenstein hat 500 meiwurkers dy't wurkje op lokaasjes yn Ljouwert, Wageningen en Velp.

(advertinsje)