FOTO: Aurora borealis en noctiluca miliaris yn Fryslân

09 maaie 2018 - 12:46

It soele simmerwaar fan de ôfrûne dagen soarget foar in bysûnder tafriel yn en boppe de Waadsee. Op ferskate plakken yn it noarden fan Fryslân wie aurora borealis, oftewol it noarderljocht, te sjen. Ek de see sels ljochte grien en blau op. Dat kaam troch noctiluca miliaris; seefonk.

Wat is noarderljocht?

Noarderljocht is in oare namme foar it poalljocht. Dit ûntstiet boppe de poalen fan de ierde as enerzjyrike dieltsjes fan de sinne botse mei de atmosfear fan de ierde. Dizze botsing smyt in prachtich kleurde himel op.

Wat is seefonk?

It grien/blauwige ljocht yn it wetter wurdt feroarsake troch seefonk, in bolfoarmich, iensellich organisme. Dit komt benammen foar by waarm simmerwaar. As seefonk hurd beweecht, bygelyks yn in weach, soarget in gemyske reaksje derfoar dat er ljocht jout. It opljochtsjen is bedoeld om fijannen ôf te skrikken.

(advertinsje)