Gjin hokjes mear op terrassen yn Súdwest-Fryslân

09 maaie 2018 - 11:53

Terrassen yn de gemeente Súdwest-Fryslân moatte iepen, útnûgjend en tagonklik wurde. Dat stiet yn it nije terrassebelied fan de gemeente. Sa moatte gevels sichtber bliuwe en der meie gjin bûtenkeamers of hokjes foar de hoarekasaken komme.

De gemeente wol perfoarst net dat der mei help fan terras- en sinneskermen hokjes op de terrassen ûntstean. Dêr komme strange regels foar. De nota kin oant 20 juny ynsjoen wurde, minsken kinne dêr op ynsprekke.

(advertinsje)