Wrâldprimeur mei heechrendemintspanielen yn Toppenhuzen

09 maaie 2018 - 11:13

Toppenhuzen krijt in wrâldprimeur mei in sinnepark mei nije heechrendemintspanielen fan it Dokkumer sinnepanielebedriuw PowerField. Dy panielen wol it bedriuw tegearre mei it Noard-Hollânske bedriuw Energyra meitsje yn in sinnepanielefabryk dy't no yn Zaandam boud wurdt.

Goedkeape panielen út Sina

PowerField nimt dizze stap no't de plannen foar in eigen sinnepanielefabryk yn it Grinzer Appingedam net trochgean. PowerField-direkteur Siemen Jellema: "Dat is wol in teloarstelling. Der hienen 180 man oan it wurk kind. Dat is spitich, mar der binne mondiale ûntwikkelingen, dêr't we neat oan dwaan kinne."

Neffens PowerField kin it bedriuw net op tsjin de produksje fan goedkeape panielen út Sina. Sineeske bedriuwen kinne mei help fan de oerheid maklik fabriken bouwe en sa goedkeap panielen meitsje.

Konkurrinsje oangean

PowerField wol de konkurrinsje mei de standertpanielen út Sina oangean mei de eigen heechrendemintspanielen."Normaal wol in ynvestearder it jild sa gau mooglik wer werom", fertelt Jellema. "Mar ús panielen kinne langer mei, wol tritich jier. Dan soe dat in better finansjeel plaatsje opsmite moatte."

It twa hektare grutte terrein dat by Toppenhuzen oanlein wurdt, soe dêrfoar it testfjild wurde. De fergunning is noch net hielendal rûn, seit Jellema. "Wol is alles klear om yn te tsjinjen. Alles liket goed."

(advertinsje)