Takomst Spiker hâldt Ternaard noch altyd yn 'e besnijing

09 maaie 2018 - 10:57

Undernimmer Simmy de Vries fan Ternaard sil woansdeitejûn ynsprekke by de Kommisje Mienskip fan de gemeente Dongeradiel. De Vries wol dat fersoargingstehûs Spiker behâlden bliuwt foar Ternaard. Se krijt hjirby de stipe fan in protte ynwenners út it doarp, seit se sels. Spiker moat fan eigener KwadrantGroep ticht en ek de gemeente wol Spiker net ferbouwe. Se fine dat der in nij fersoargingshûs boud wurde moat. Dat soe it meast duorsum wêze. De Vries is it hjir net mei iens.

Projektlieder

KwadrantGroep, Wenningkorporaasje Thús Wonen, De Friesland Zorgverzekeraar, de Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard en de gemeente Dongeradiel ha besletten om in projektlieder oan te stellen foar it útwurkjen fan it nije fersoargingshûs, 'Nije State'.

(advertinsje)