Maksimumsnelheid by Ternaard en Wierum werombrocht

09 maaie 2018 - 10:52

De gemeente Dongeradiel hat de maksimumsnelheid op diken by Ternaard en Wierum fermindere, fan 80 nei 60 kilometer. It giet om de Koaiwei, 't Skoar en de Koaterhústerwei.

Dêrmei giet de gemeente yn op fersiken fan bewenners. Dy hiene oan de belle lutsen om't der fierstente hurd riden waard. Neffens de bewenners is de ferkearsfeiligens net garandearre.

Foar it gebiet is neffens de gemeente de term 'bysûndere situaasje' fan tapassing. Belangryk, om't sa de bestimming fan de diken feroare wurde kin. Sa is 't Skoar in buorskip mei lintbebouwing en rinne der belangrike fytsrûtes troch it gebiet.

Trefwurden: 
Ternaard Wierum
(advertinsje)
(advertinsje)