Kollum: "Mienskip"

09 maaie 2018 - 07:59

"It jier 2018 is yn Fryslân it jier fan de mienskip. We ha it wurd oeral delkwakt. Elk yn Nederlân wit no dat se net presys fertelle kinne wat mienskip no echt is, mar dat it o sa goed fielt. It skynt ek wol gesellich te wêzen, want dy idioate Friezen ha der in moai feestje omhinne bout. Dêr moatte we mar ris hinne. Watte, de lju dy't rûnom út de wrâld weikamen waarden op Skiphol mei muzyk en moaie Fryske famkes wolkom jitten. 'You have a party? Yes, we show you mienskip. Wat does that mean?'

No, dat lis ik efkes út. It Amelân moat in jier wachtsje op in echte boargemaster. De politike rapen bin dêr sa gear, dat kommissaris Arno Brok tinkt dat it in jier duorret om dat allegear wer glêd te striken. Dat betsjut dat hy no yn july as De Hoop fuortgiet in diktator ferklaaid as waarnimmend boargemaster beneamd. Dy waarnimmer moat soargje dat alle Amelander politike noazen deselde kant út wize.

As je nei de ferkiezingsútslach sjogge dan tinke je dat it nó wol wer goed is. Simpel, de nije partij AmelandEén woe fan it âlde gedonder ôf. En tsjinne de mienskip mei de mienskipsnamme AmelânEén. Se krigen yn ien kear fiif sitten. Mei in yn Tytjerksteradiel fuortsmiten PvdA-wethâldster kinne se de saak fierder wol rêde. Tinke se.

Mar Brok wit fansels dat it net sa is. De ôfrûne jierren ha sjen litten dat polityk op It Amelân in saakje is fan minsken dy't elkoar yn it hier hingje. Tsjinstridige belangen ha, ek yn har eigen wurk. Se kinne dêr it hiele wurd mienskip net. Dêrom moat der earst mar in oaren yn omramaaie. Ik bin benijd, it wurdt dreech. Foar it oare is it hielendal net slim dat der op I Amelân gjin mienskip is. Je kinne dêr dochs net komme. En yn oare gemeenten bart it formearjen ek net sa mienskiplik. Se ha oeral spul.

'Wel lets then go to your famas farmers and cows.' Eeeh ja, no ja. Sjoch, de opposysjepartijen yn de Steaten binne byelkoar stapt en ha in plan makke om it fertutearzjen fan it feangreidegeiet yn ien kear tsjin te gean. Se wolle dat it wetter wat heger yn de sleatten komt. 'How nice.' No nee, neat nijs, want de boeren wolle soks net. Dus it CDA en de VVD ek net en dy binne de baas.

'But you have here toch ek noch the Frisian nationalists, they are ferry famous by ús.' No hjir net, want as ienige partij ha sy yn it programma stean dat se it wetter mear as tsien sintimeter heger ha wolle. Mar se gean mei CDA en VVD mei, dy't sizze dat it allegear sa hurd net moat. Ek net alles yn ien kear. Se wolle earst alles noch in kear goed besjen. Nee, boerelân is op it heden yn Fryslân echt gjin mienskipslân.

'Mar I tel you noch wat ferskriklikers.' De echte brek yn it mienskipstinken. Feanwâlden. It plak dêr't Mindert Bokma de Boer de earste koöperative suvelfabryk oprjochte hat. In koöperaasje, it teken fan mei-elkoar earne oan wurkje. Feanwâlden, dêr't Theun de Vries berne is. Dy't, wat hy fûn, needsaaklike mienskipstinken op mear as skitterjende wize dellein hat yn syn wurken. Der noch ferneamd fan is.

Yn dat Feanwâlden stapte de feestkommisje op. In feestkommisje is yn in doarp de fertsjintwurdiging fan de mienskip. Dy komt dan de jûns fan it feest wol efkes te sûpen. Dizze feestkommisje waard bedrige. Om't se de drankferkeap op it feest yn hannen fan frijwilligers joegen. Sa fier binne we dus ôfsakke, sels yn Feanwâlden. Dat je in feestkommisje oplizze wolle hoe't jó it ha wolle. En as se it oars wolle, dan hou je der yn. Teminsten, dan sis je dat je der ynhouwe.

Blykber sa lûd, dat de feestkommisje nei hûs gie. Ach, bedriigje is yn de wrâld fan hjoed-de-dei alhiel gewoan. Ik kin der noch folle mear ferhalen fan. Dy feestkommisjes of oaren stappe net altyd op. Yn Feanwâlden wol. Moedeleas. Benaud.

In nije ploech stiet al wer klear en dy ha al sein dat se it net mei frijwilligers dwaan sille. De drigers winne. De mienskip hat it ferlern."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)