Jongeren út DFM debattearje yn Roemenië oer takomst Europa

09 maaie 2018 - 07:38

Seis jongeren fan 16 oant en mei 19 jier út De Fryske Marren binne op it stuit yn it Roemeenske Mediaș. De stêd dêr't de gemeente al mear as 20 jier in stêdebân mei hat. Se dogge mei oan it ynternasjonale jongereinprojekt Debating European Democracy, oer de takomst fan Europa. Dêroer gean se ûnder oare yn debat mei jongeren út Hongarije, Poalen en fansels Roemenië.

(advertinsje)
(advertinsje)