Natuer fan 50 jier lyn komt werom by Hurdegaryp en Burgum

De oanlis fan in stik partikuliere natuer tusken Hurdegaryp en Burgum sjit behoarlik op. 'Om de Dobben' hjit it plan en it is yn 2011 betocht neidat dúdlik waard dat der nije mooglikheden kamen foar it gebiet om de doetiids noch oan te lizzen Sintrale As hinne. By de pingo's oan de Lange Leane wurdt net allinnich de natuer ferbettere; der komme ek paden by en in brasserij.
Roelstoelers en bern
Yn gearwurking mei It Fryske Gea wurdt in grut tal dobben mei-elkoar troch in paad ferbûn. Ien fan de paden is spesjaal foar de âlderein yn in rolstoel. Mar der is ek in soad omtinken foar bern. Skoalbern binne dêr bygelyks wolkom foar natueredukaasje.
Lânskip fan 50 jier lyn
It gebiet is tsien bunder grut en moat sa ynrjochte wurde dat it lânskip fan 40 oant 50 jier lyn werom komt. En dat mei alle natuer dy't dêr by heart. Yn septimber moat it wurk dien wêze en kin Om de Dobben iepen.
Wa't mear witte wol, kin terjochte op de Facebookside fan Om de Dobben.