Kampanje op sosjale media foar wettersporters Waadgebiet

08 maaie 2018 - 22:48

In spesjale sosjalemediakampanje sil wettersporters fan 't simmer op de hichte bringe fan wat wol en net mei yn it Waadgebiet. Fia filmkes krije besikers fan it Wrâlderfgoedgebiet útlis oer de saneamde 'earekoade foar de Waadsee'.

Undersikers sjogge dat hieltyd minder toeristen bekend binne mei de regels yn it Waadgebiet. De earekoade bestiet út sawat tritich tips hoe't rekreanten omgean moatte mei de kwetsbere natuer. De koade is opsteld troch behearders, natuerorganisaasjes, oerheden en wettersportorganisaasjes.

De kearn fan de regels is dat toeristen altyd ôfstân genôch hâlde moatte fan fûgels en seehûnen. Mei de filmkes op Facebook en Instagram hope de inisjatyfnimmers de yndividuele sporter better te berikken.

(advertinsje)
(advertinsje)