Marit Bouwmeester klimt nei twadde plak yn La Rochelle

Marit Bouwmeester © www.fotopersburomartindejong.nl
De Fryske sylster Marit Bouwmeester is tiisdei nei it twadde plak fan it klassemint klommen op it EK Laser Radial yn it Frânske La Rochelle. De Olympysk kampioene hat no mei-inoar sân punten.
Oan de lieding yn it klassemint giet de Nederlânske Maxime Jonker. Sy wûn trije fan de fjouwer races en einige ien kear as achtste. Nei ôflûken fan it minste resultaat, stiet se no boppe-oan mei trije punten.
De 19-jierrige Mirthe Akkerman fan Akkrum stiet op plak nûmer 23 yn it klassemint.
Tiisdei waarden twa wedstriden fersyld. Mei-inoar hawwe no fjouwer wedstriden west.