Botsing Grinzerstrjitwei: "Ien auto soe te hurd riden hawwe"

08 maaie 2018 - 22:15

By in oanriding tusken twa auto's yn Ljouwert binne tiisdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op de krusing fan de Grinzerstrjitwei en de Skieppestrjitte. Doe't ien fan auto's de Grinzerstrjitwei op ried, gie it mis. Neffens tsjûgen soe de oare auto fierste hurd riden hawwe.

Twa minsken rekken ferwûne by de botsing. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
botsing Grinzerstrjitwei
(advertinsje)