Bestelbus rioelservice giet yn flammen op by Ljouwert

08 maaie 2018 - 20:59

In bestelbus is tiisdeitemiddei by Ljouwert by in brân ferlern gien. De sjauffeur hie al dêrfoar al in rooklucht fernaam en de bus op de Drachtsterwei oan de kant set.  Dêr hat de brânwacht it fjoer útmakke. 

De bestelbus wie fan in rioelservice. De meiwurkers koene der op 'e tiid út komme. Se hawwe it ark der ek úthelle, mar de bus moat as ferlern beskôge wurde. 

 

Trefwurden: 
brân rioelservice Ljouwert
(advertinsje)