Kolleezje Smellingerlân foar it earst sûnder kristliken

Foar it earst de skiednis sille yn it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente Smellingerlân de kristlike partijen ûntbrekke. Dat hat ynformateur Ton Baas tiisdeitejûn bekend makke. It kolleezje bestiet de kommende jierren út de ELP, VVD, PvdA en de kombinaasje fan GrienLinks/FNP. De ELP krijt twa wethâlders. VVD, PvdA, GrienLinks/FNP hawwe elk ien wethâlder. Fiif foltiidswethâlder binne nedich fanwege it takepakket mei portefúljes dy't ekstra omtinken freegje.
17 sitten
De koälysje fertsjintwurdiget mei 17 fan de 31 riedssitten in mearderheid. De ELP, VVD en GrienLinks hawwe dizze kear mear stimmen krige as by de ferkiezingen yn 2014. Oare partijen mei stimmewinst kamen om oare redenen net yn byld foar de koälysjefoarming. "De PvdA en FNP hebben stemmen verloren, maar dat geldt - met uitzondering van D66 - ook voor de overige (college)partijen. Door de opstelling van D66 bij de vaststelling van het raadsprogramma ligt deelname aan een coalitie niet voor de hand", seit ynformateur Baas.
De koälysjepartijen moatte it no op haadlinen iens wurde oer in akkoart en dat opstelle. Dat sil de kommende trije wiken syn beslach krije. As alles neffens plan ferrint, kin it nije kolleezje ein dizze moanne ynstallearre wurde.
"Zeer zorgelijk"
De ChristenUnie reägearre tiisdeitejûn skerp op de gearstalling fan it nije kolleezje. Pieter van der Zwan fan de ChristenUnie fynt it "zeer zorgelijk" dat der gjin kristlike partij mear yn it gemeentebestjoer sit. Saken as omtinken foar de 24-oere ekonomy en de keapsnein, kristlike soarchferliening, flechtlingewerk en oare saken dy't de kristlike identiteit reitsje sille oan de krapperein komme, tinkt er. Ek fynt er it gjin goeie saak dat it grutte kristlike part fan de befolking yn Smellingerlân net mear 'werkenber' fertsjintwurdige is yn it gemeentebestjoer.
Yntze de Vries fan de ELP sjocht der hiel oars tsjinoan. Neffens him is de nije koälysje der foar alle ynwenners fan Smellingerlân, ek foar de stimmers op de kristlike partijen. Syn nije koälysjegenoaten stypje him yn dy opfetting.