Feiliger by de boat komme yn Harns

08 maaie 2018 - 20:37

Foar de gebietsûntwikkeling fan de Waddenpromenade en de wei de Alde Ringmuorre, en foar in oplossing foar it langparkearen, lûkt de gemeente Harns 1 miljoen euro út. Dat stiet yn it bestjoersakkoart dat de trije nije kolleezjepartijen PvdA, CDA en VVD tiisdei presintearre hawwe.

Yn it plan wurdt ûnder mear sjoen oft der in bettere ûntsluting fan it langparkearterrein op de Súdwâlring mooglik makke wurde kin. Fytsers en kuierders moatte feilich fan it parkearplak by de boaten nei de eilannen komme kinne. No is dat minder feilich. Harns hat te krijen mei in soad parkearoerlêst fan toeristen dy't nei Flylân en Skylge ta moatte.

De wethâlders foar de kommende trije jier binne: Hein Kuiken (PvdA), Paul Schoute (VVD) en Harry Boon (CDA).

(advertinsje)