Wetterskip wol mei jeugdwetterskipper mear jeugd berikke

08 maaie 2018 - 20:19

Wetterskip Fryslân siket in jong persoan tusken de 14 en 18 jier dy't jeugdwetterskipper wurde wol. Dêr is in echte in echte fakatuere opsteld, dêr't jongerein op skriuwe kin. De ideale jeugdwetterskipper is in persoan dy't him bewust is fan wetter en dêr leeftiidsgenoaten as fertsjinwurdiger fan it Wetterskip fol passy ek oer fertelle wol.

"It is in hiel moaie funksje foar ien dy't politike en bestjoerlike ûnderfining opdwaan wol. Ek moatte jo nijsgjirrich wêze nei it wurk dat it Wetterskip docht. Sa giet de jeugdwetterskipper ek op 'en paad mei ús dykgraaf," fertelt HRM-meiwurker Hiltje Priem fan Wetterskip Fryslân.

Foar it jild hoecht jongerein it net te dwaan. "De nije kollega krijt in ûnkostefergoeding, bygelyks foar kosten dy't makke wurde foar de moetings mei oare jeugdwetterskippers út Nederlân. Jo moatte dat echt dwaan om't jo nije feardichheden leare wolle." Oant 28 maaie kinne gadingmakkers skriuwe op de fakatuere.

(advertinsje)
(advertinsje)