Beekdal Alddjip kriget der in stik natuer by

08 maaie 2018 - 20:11

It beekdal fan it Alddjip kriget 37 bunder nije natuer. De provinsje stelt dêr 378.000 euro foar beskikber. It doel fan de nije natuer is it tsjingean fan de útdrûging fan de grûn en de ûntwikkeling fan de natuer yn it eastlik diel fan de Himrikerskarren en in lyts gebiet by Heidehuzen.

Yn it gebiet komme natuerfreonlike wâlskanten. Guon sleatten wurde ûndjip make om it útdrûgjen fan it gebiet tsjin te gean. Troch de maatregels kriget it wetter mear de romte en wurdt it beekdal klimaatbestindich makke wat lânbou- en natuergebieten oanbelanget. Dat betsjut dat it gebiet sa ynrjochte wurdt dat de effekten fan klimaatferoaringen opfongen wurde kinne.

Yn it projekt Keningsdjip wurket de provinsje gear mei de gebietskommisje, dêr't fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rekreasje yn gearwurkje.

Trefwurden: 
Alddjip beekdal
(advertinsje)