Fêstiging nij soart leasefyts Swapfiets yn Ljouwert

08 maaie 2018 - 19:59

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat tiisdei de Fryske fêstiging fan it rap groeiende bedriuw Swapfiets iepene, oan de Ljouwerter Stasjonsplein. Swapfiets is betocht troch trije studinten yn Delft. Foar in fêst bedrach lease studinten in stevige fyts mei in blauwe foarbân. As de fyts stikkengiet, wurdt er wer makke of krije de leasers in oare fyts, sadwaande de namme Swapfiets. Net-studinten kinne ek in fyts lease by swapfyts. Se betelje dêr in bytsje mear foar.

Foar direkteur en mei-oprjochter Steven Uitentuis fan Swapfiets wie de iepening fan de earste Fryske fêstiging in moai momint, want hy hat yn Ljouwert op skoalle sitten en is opgroeid yn Grou. Tegearre mei syn mem, dy't noch yn Ljouwert wennet, socht er al moannenlang om in gaadlik plak foar de earste Fryske swapfytssaak.

De swapfyts is yn oardel jier tiid in begryp wurden yn benammen de studintestêden fan Nederlân, want der binne al sa'n 40.000 swapfytsen. It bedriuw hat no fêstigings yn tweintich stêden yn Nederlân, België en Dútslân en is derfan oertsjûge dat de swapfyts ek yn Ljouwert gau ynboargerje sil.

Trefwurden: 
Swapfyts Ferd Crone
(advertinsje)