Ljouwert draait subsydzjekraan Wellzo ticht

Ien fan de aktiviteiten fan Wellzo © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De gemeente Ljouwert beëiniget mei yngong fan 1 july 2019 de subsydzje foar stichting Wellzo yn de stêd. De wolwêzensorganisaasje kriget op dit stuit noch 2,2 miljoen euro yn it jier fan de gemeente. Mar omdat der finansjele tekoarten binne yn it sosjale domein, moat de gemeente Ljouwert besunigje.
Aktiviteiten lykas it moetingsplak foar jonge âlden en ambulant jongerenwurk hâlde op. De oare ynset fan Wellzo op it mêd fan jongereinwurk, frijwilligerswurk en it stypjen fan mantelsoarch sille op in oare manier en mooglik ek troch in oare ynstelling dien wurde.
It ynlûken fan de subsydzje sil de ein fan Wellzo betsjutte. Dat kostet tsientallen banen, ek al binne guon wurknimmers yn it ferline al oerstapt nei de koöperaasje Amaryllis, dy't ferantwurdlik is foar de sosjale wykteams yn de stêd.