"Rapporten lûdswâl Schatzenburg moatte iepenbier"

08 maaie 2018 - 19:18

De gemeente Waadhoeke moat alle ûndersyksrapporten oer de lûdswâl by Schatzenburg yn Menaam iepenbier meitsje. Dat easket Grondnet BV tiidei by de Ried fan Steat.

De Miljeu Adviesdienst en de FUMO hawwe tusken 2009 en 2013 de lûdswâl ûndersocht. Grondnet krige in twangsom fan miljoenen, omdat de wâl net neffens de fergunning oanlein wie. Sa soe by de oanlis fersmoarge grûn brûkt wêze.

It Iepenbier Ministearje hat neffens Grondnet de strafsaak yntusken seponearre. De Ried fan Steat sil letter útspraak dwaan oer it iepenbier meitsjen fan de ûndersyksrapporten.

(advertinsje)