Jack Jongebloed net iens mei krityk Trompetter

08 maaie 2018 - 17:35

VVD-wethâlder Jack Jongebloed fan de gemeente Weststellingwerf kin neat mei de beskuldiging fan syn ûndertusken eks-kollega Cor Trompetter (PvdA) dat er by de kolleezje-ûnderhannelings essinsjele ynformaasje oer de finansjele posysje fan de gemeente efterholden hat.

Jongebloed seit dat de ynformaasje yn de memo net fan ynfloed wie op it stadium fan de kolleezje-ûnderhannelings. Hy makke doe de kar om de memo earst yn it kolleezje besprekke te wollen. Dat hie tiisdei barre moatten. "Ik heb integriteit hoog in het vaandel. Iedere suggestie daarover neem ik enorm afstand van", seit Jongebloed op de krityk fan Trompetter, dy't om it skeel opstapt is as wethâlder.

Cor Trompetter hat 12 jier wethâlder west yn Weststellingwerf. Hy giet no fierder as riedslid fan fúzjepartij Sociaal Duurzaam Weststellingwerf. De partij fan Trompetter foel by de kolleezje-ûnderhannelingen al bûten de boat, wêrtroch't er syn wethâlderskip dochs al kwytreitsje soe.

Jongebloed hat yn totaal acht jier mei Trompetter yn it kolleezje sitten. "Totaal onverwacht, je wilt niet dat een goede samenwerking na acht jaar zo eindigt, dat is heel erg jammer", seit Jongebloed oer de kwestje.

(advertinsje)