Herstelrecht op skoalle Harns

19 jun 2012 - 14:42

De Maritime Akademy yn Harns hat de titel School met Herstelrecht krigen. De titel is ôfjûn troch Expertisecentrum Herstelrecht in het Onderwijs. Mei herstelrecht leare learlingen konflikten út te praten en op te lossen. Dat bart mei-inoar, mar ek mei help fan oare learlingen, in mentor of learaar.

Dêrneist wurdt ek de skea dy't oanrjochte is, hersteld. Dat kin materiële, mar ek geastlike skea wêze. Mei de titel moat de Maritieme Academie in foarbyld foar oare skoallen yn Nederlân wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)