1,2 miljoen foar nije sporthal yn Nijlân yn Ljouwert

08 maaie 2018 - 17:02

De gemeente Ljouwert stelt sa'n 1,2 miljoen euro beskikber om de komst fan in nije sporthal yn de Ljouwerter wyk Nijlân mooglik te meitsjen. It bedrach wurdt foar in part bestege oan oanpassingen fan it sportpark, bygelyks it parkearterrein, it oanlizzen fan grien en diken.

Leeuwarder Zwaluwen

Ek ynvestearret de gemeente yn wask- en klaairomtes foar de fjilden fan Leeuwarder Zwaluwen en de ynventaris fan it gymnastykûnderwiis. De totale kosten fan it projekt lizze op 7,1 miljoen euro.

Eigener wurdt de noch op te rjochtsjen Stichting Sporthal Nijlân, de gemeente bliuwt eigener fan de grûn. Leeuwarder Zwaluwen ynvestearret sels jild yn in nije kantine.

Trije skoallen

De skoallen Piter Jelles, Beyers Naudé en it Gomarus College sille gebrûk meitsje fan de nije sporthal. De skoallen sitte no noch yn de âlde sporthal oan de Van Loonstraat en by it Friesland College oan de Julianalaan.

Yn july set de bou útein. De sporthal moat yn de maitiid fan takom jier klear wêze.

(advertinsje)