A7 Veilig: 1500 bekeurings

19 jun 2012 - 14:33

De plysje hat de ôfrûne fiif moannen 1500 bekeurings útdield oan autobestjoerders en frachtweinsjauffeurs op de A7. It giet om bekeurings foar te hurd riden, bumperkleven en gefaarlike ferkearssituaasjes.

Alle dagen wurde troch plysjes ferskate kontrôles hâlden op de A7 tusken Koarnwertersân en Nijeskâns yn Grinslân. It doel is om it tal slimme ûngelokken op de autodyk nei ûnderen te bringen. De kontrôles binne ûnderdiel fan it projekt 'A7 Veilig' dêr't mei besocht wurdt om de dyk feiliger te meitsjen.

Ek Rykswettersteat en it Iepenbier Ministearje binne by it ferkearsprojekt belutsen.

(advertinsje)