Meiwurkers Philips Drachten fiere ferkeap miljardste produkt

08 maaie 2018 - 16:47

Meiwurkers fan Philips yn Drachten hienen tiisdei wat te fieren. It bedriuw hat in miljard elektryske fersoargingsprodukten foar manlju ferkocht. Dêrûnder falle skearapparaten, burdtrimmers en tondeuzen.

De fêstiging yn Drachten is in ynnovaasje- en produksjelokaasje fan Philips. Fan de jierren fyftich ôf fersoargje se yn Drachten in part fan de totale produksje fan skearapparaten. Dêr wurkje 2000 minsken.

Bestjoersfoarsitter Frans van Houten wie yn Drachten om de mylpeal mei de meiwurkers te fieren.

Trefwurden: 
Philips Frans van Houten
(advertinsje)
(advertinsje)