Stap yn de Escherwrâld op strjitte yn Ljouwert

08 maaie 2018 - 16:20

Besikers fan de stêd Ljouwert kinne der hast net omhinne, mar aanst hielendal net mear: de Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum. Minsken dy't aanst fan it sintraal stasjon nei it Fries Museum kuierje, rinne mei keunst op strjitte Escher aanst letterlik temjitte. Of der hast yn. 

De wrâldferneamde strjitkeunster Leon Keer is de kommende trije wiken dwaande op de rûte nei it museum strjittekeningen yn de styl fan M. C. Escher te meitsjen. It giet om fjouwer tekeningen. It is de bedoeling dat besikers it paad nei it museum fine as se de tekeningen folgje. 

De strjitkeunst moat nije wike tongersdei 17 maaie klear wêze.

Trefwurden: 
Escher Fries Museum
(advertinsje)