Fjouwer jier sel foar Drachtster nei deadlike stekpartij

© CAMJO media
De 30-jierrige Drachtster dy't op 15 augustus ferline jier de 60-jierrige Harm Veenema fan It Hearrenfean deastutsen hat, is troch de rjochtbank feroardiele ta fjouwer jier sel en tbs mei twangferpleging. Dat is leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje fan acht jier sel en tbs.
Psychyske problemen
De rjochtbank hâldt rekken mei de drege jeugd fan de Drachtster en it feit dat er bot lêst hie fan psychyske problemen. De rjochtbank hat bepaald dat de tbs-behanneling begjinne moat neidat de Drachtster man twa jier fêstsitten hat.
Ekstreem geweld
De man hat oanjûn dat er oanstriid hat om ekstreem geweld ta te passen. Der is sprake fan heech residivegefaar.
De Drachtster wie op 15 augustus foarich jier ûnder falske foarwendsels it hûs yn kommen. Hy sloech de soan mei in hammer op de holle. De heit, Harm Veenema, waard troch de Drachtster twa kear yn it boarst stutsen en ferstoar. Neibesteanden krije 107 tûzen euro oan skeafergoeding fan de Drachtster man.