Bestjoerlike fúzje tusken Piter Jelles en Simon Vestdijk

Der komt in bestjoerlike fúzje tusken de iepenbiere skoallemienskip Piter Jelles en RSG Simon Vestdijk. It Piter Jelles hat no fêstigingen yn Ljouwert, Kollum, Dokkum en Sint-Anne, it Simon Vestdijk sit yn Harns en Frjentsjer.
Weromrinnend tal learlingen
Mei de fúzje komt der ien koepel foar it iepenbier fuortset ûnderwiis yn Noard- en Noardwest-Fryslân. Neffens de bestjoeren fan beide skoallemienskippen is de fúzje needsaaklik om yn de takomst it weromrinnend tal learlingen yn Noard-Fryslân opfange te kinnen. Foarsitter Wiebe Wieling fan de ried fan bestjoer fan Piter Jelles ferwachtet 17% minder learlingen. "Dêr moatte wy no alfêst op ynspylje". Boppedat kin dêrtroch de wurkgelegenheid yn de regio beholden bliuwe. Op dit stuit binne beide skoallemienskippen noch sûn.
Mear as 5500 learlingen
Yn totaal hat de nije koepel mear as 5500 learlingen. De learlingen sille neat fan de fúzje fernimme, seit Wieling. De kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan Harns en Ljouwert jouwe in posityf advys oan de rieden, dy't noch grien ljocht jaan moatte foar de fúzje. Dêrnei wurdt it beslút noch foarlein oan it meisizzenskip en de rieden fan tafersjoch.
As alles trochgiet, begjint it proses om echt ta in fúzje te kommen oan it begjin fan takom skoaljier.
Gjin konsekwinsjes
De fúzje hat gjin konsekwinsjes foar de learlingen fan beide skoallemienskippen. Ek net foar it ûnderwizend en stypjend personiel. Benammen op it mêd fan de eksakte fakken is der krekt grut ferlet fan dosinten, seit Wieling. Kwa stypjend personiel sille der ek gjin banen ferdwine. Beide skoallen binne sûn wat dat oanbelanget.
Oer fiif of tsien jier ferwachtet Wieling ek fúzjes yn it fuortset kristlik ûnderwiis. Dat is no al it gefal yn it basisûnderwiis. De skoallen op de eilannen binne en bliuwe selsstannich.