"Fertochte boatûngelok seach mar om nei ien slachtoffer"

08 maaie 2018 - 14:06

De 19-jierrige bestjoerder fan de speedboat dy't sneintejûn op De Brekken by De Lemmer oer in rubberboatsje foer en dêrby twa ynsittenden ferwûne, hat him mar oer ien fan de slachtoffers bekommere. Dat sizze Robert en Lars, twa 16-jierrige freonen fan de slachtoffers.

De skipper helle it 16-jierrige famke dat yn it wetter bedarre oan board en brocht har nei de wâl. Nei it twadde slachtoffer, in slimferwûne 16-jierrige jonge fan De Lemmer, waard net omsjoen. Dy is troch Lars nei de kant tabrocht. De twa freonen wiene mei de slachtoffers yn twa rubberboatsjes it wetter op gien. Harren boatsje waard mar krekt mist troch de neffens harren hiel hurd farrende speedboat.

De plysje melde moandei dat de bestjoerder fan de speedboat beide slachtoffers nei de wâlskant tabrocht hie. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)