Hearrenfean traint jûns yn tarieding op play-offs

08 maaie 2018 - 13:57

Sportklup Hearrenfean traint tiisdeitejûn pas om healwei achten. De ploech fan Jurgen Streppel docht dat yn tarieding op it duel tsjin FC Utrecht. Dy wedstriid is woansdeitejûn om 20.45 oere. It giet om de earste ronde yn de play-offs foar Europeesk fuotbal. Hearrenfean einige as achtste, Utrecht as fiifde.

Hearrenfean giet de wedstriid yn mei in fitte seleksje. Kik Pierie komt werom fan in skorsing en Pelle van Amersfoort is hersteld fan in ankelblessuere. Allinnich de al langer útskeakele Warner Hahn, Martin Ødegaard en Stijn Schaars binne der net by.

(advertinsje)
(advertinsje)