Fonteinen yn Starum en Hylpen pleatst

Twa fonteinen fan it Kulturele Haadstêd-projekt 11fountains binne tiisdei pleatst yn Hylpen en Starum. It keunstwurk fan Starum is moandei út Tilburg nei It Hearrenfean brocht. De fontein hat de foarm fan in grutte fisk.
Mei in kraan is de fisk út de frachtwein takele en teplak set yn de haven fan Starum. Mar dêr hâldt it noch net mei op. Om't de fisk wetter spuitsje sil, moat it oansletten wurde op in wettersysteem. Under de bak dêr't de fisk yn stiet, sit in grutte pompkelder. Dêr giet it wetter fan de fontein yn en út en wurdt it suvere, sadat it op drinkwetternivo bliuwt. As dat klear is, kinne minsken dus ek de fontein yn.
Om yn te boartsjen
"Het is een waterspeelobject, waar mensen in moeten kunnen. Vooral voor kinderen is dat leuk. Maar om dat mogelijk te maken moeten leidingen aangelegd worden", sa seit Age Joustra, de fonteinprojektlieder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De fontein wurdt dêrom mei lym en mei bouten yn de bak fêstmakke. Dit is ek handich om it keunstwurk op syn plak te hâlden. De fisk is fan licht materiaal makke en kin oars mei stoarm fuortwaaie. It wettersysteem sil tiisdei ôfmakke en test wurde.
In buertbewenster seach út har hûs hoe't de fisk teplak set waard. "It wie fantastysk om te sjen. Moai kin ik him noch net fine, mar spektakulêr is der wol!"
Offisjele iepening
It keunstwurk is ûntwurpen troch de Amerikaanske keunstner Mark Dion. Op freed 18 maaie wurde de fonteinen yn de Fryske alve stêden offisjeel iepene.