OoststellingwerfsBelang kiest foar CDA en PvdA en gjin VVD

Gemeente Eaststellingwerf
Yn Eaststellingwerf falt de VVD ferrassend bûten de nije koälysje. OostellingwerfsBelang, mei sân sitten de grutste partij yn de ried, kiest foar in koälysje mei it CDA en de PvdA.
Lyk nei de ferkiezingen like it derop as soe der in foarkar wêze foar it trochsetten fan de koälysje fan OoststellingwerfsBelang mei de VVD en it CDA. OoststellingwerfsBelang kiest nei petearen mei de trije grutste partijen foar de PvdA en net foar de VVD.
Fernijing en feroaring
Mei de kar foar de PvdA seit OostellingwerfsBelang better ynsette te kinnen op fernijing en feroaring, benammen binnen it sosjaal domein.