Wethâlder leit funksje del nei skeel oer finansjele posysje

08 maaie 2018 - 11:46

Wethâlder Cor Trompetter fan de gemeente Weststellingwerf hat fuortendaliks syn funksje dellein. Neffens Trompetter hat syn kollega-wethâlder Jack Jongebloed by de kolleezje-ûnderhannelingen essinsjele ynformaasje oer de finansjele posysje fan de gemeente efterholden.

Trompetter hat tiisdeitemoarn yn de gearkomste fan boargemaster en wethâlders easke dat Jongebloed syn ûntslach oanbiede soe. Doe't hy dat wegere, hat Trompetter sels besletten syn funksje del te lizzen.

Cor Trompetter hat 12 jier wethâlder west yn Weststellingwerf. Hy giet no fierder as riedslid fan fúzjepartij Sociaal Duurzaam Weststellingwerf. De partij fan Trompetter foel by de kolleezje-ûnderhannelingen al bûten de boat wêrtroch't hy syn wethâlderskip dochs al kwytreitsje soe.

(advertinsje)
(advertinsje)