Boer fersmoarget sleat

19 jun 2012 - 12:48

Der is 2,5 kilometer sleat fersmoarge rekke troch wetter dat fan it hiem fan in boer boppe Ljouwert rûn is. Dêrtroch sit der te min soerstof yn it wetter en geane fisken dea. Neffens de boer is it net mei opsetsin bard en hat it te krijen mei de rein fan de ôfrûne dagen. Hy woe fierder net reagearje.

It ôffalwetter fan de pleats rûn it ôfrûne wykein de polder yn. It wetter waard hjirtroch swart. De sleat waard fersmoarge mei kuilfocht út in silo. It wetterskip hat de fersmoarge sleat ôfdamme en leechpompt. De boer hat in boete krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)