Betide twataligens Friezen gjin garânsje foar learen Ingelsk

08 maaie 2018 - 11:15

Betiid twatalich wêze yn Frysk-Nederlânsk is gjin garânsje foar it suksesfol learen fan it Ingelsk as tredde taal. Dat docht bliken út promoasjeûndersyk fan Mirjam Günther-Van der Meij fan Hallum foar de Fryske Akademy en de Fakulteit fan 'e Letteren oan de Ryksuniversiteit Grins.

Oare faktoaren

Twataligens wurdt no meastal sjoen as in foardiel wat it learen fan in tredde taal oanbelanget. Dat is yn de Fryske kontekst dus net sa. Oare faktoaren, lykas taaleftergrûn en motivaasje spylje in wichtiger rol.

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat twataligens gjin hinderpeal is foar it learen fan Ingelsk as tredde taal.

77 minsken

Günther-Van der Meij hat foar it ûndersyk 77 bern fan 12 en 13 jier sprutsen. Se promovearret op 14 maaie yn Frjentsjer op it ûndersyk.

Trefwurden: 
twataligens Fryske Akademy
(advertinsje)
(advertinsje)