Tsjinstanners dogge oanjefte tsjin Kallemooi

Diere-organisaasjes wolle dat der in ein komt oan it jierlikse Kallemooifeest op Skiermûntseach.
Fjouwer organisaasjes ha oanjefte dien tsjin de tradysje dat in hoanne trije dagen lang opsletten wurdt yn in koer op in 18 meter hege mêst. Op dizze wize wurdt de hoanne feitlik mishannele, wylst der foldwaande alternativen foarhannen binne, sa stelle de diere-aktivisten.
It is net foar it earst dat der protest is tsjin de opsletten hoanne mei Kallemooi, dat dit jier fan 19 oant en mei 22 maaie hâlden wurdt. De hoanne soe it symboal fan fruchtberens foarstelle.