Piet Paulusma: "We krije in waarme simmer"

08 maaie 2018 - 10:06

We krije in waarme simmer. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn foarriedige simmerfoarsizzing. It wurdt in simmer dy't yn juny, july en augustus boppe de gewoane wearden útstige sil. Ek it oantal waarme dagen sil boppe it gemiddelde útkomme, mei kâns op hjitteweagen. Oan de oare kant nimt de kâns op swiere buien ta.

Ein maaie, begjin juny komt Piet Paulusma mei syn definitive foarsizzing.

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma
(advertinsje)