Nije politike partij foar nije gemeente Noardeast-Fryslân

08 maaie 2018 - 09:42

De gemeente Noardeast-Fryslân moat offisjeel noch begjinne, mar de lokale partij Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân is der al wol. It is de lokale fúzjepartij fan Algemien Belang Dongeradiel, Gemeentebelangen Ferwerderadiel en sympatisanten út de gemeente Kollumerlân.

De partij sil him de kommende tiid presintearje, te begjinnen kommende sneon yn de gemeente Kollumerlân. De partij sil op 21 novimber meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezingen yn de DDFK-gemeenten.

(advertinsje)