Alvestêdekuiertocht is ûnderweis

08 maaie 2018 - 08:10

Goed 1000 kuierders rinne de kommende dagen by alle alve stêden del. Om sân oere tiisdeitemoarn wie de start fan de alvestêdekuiertocht yn de Alvestêdehal fan Ljouwert. Kommissaris fan de Kening Arno Brok joech it startskot. De earste etappe giet hjoed fan Ljouwert, oer Snits en Drylts, nei Sleat.

Trefwurden: 
alvestêdekuiertocht
(advertinsje)