Kollum: "Beammen binne moardners"

"Miskien komt it wol om’t ik in klaaiklute bin. Grutbrocht mei wide kimen, rom eachweid, hege loften. Dat ik krekt fanwegen al dy romte gewaar waard dat beammen bysûnder binne.
Ik bin sljocht op beammen, op de bosk. As bern kaam ik mei de âldelju gauris yn de omkriten fan Bakkefean. It wie suver magysk om fan Duerswâld nei Bakkefean te fytsen, de Duerswâldmerwei dy’t as in leane foar jin lei, in griene katedraal fan beammen dy’t jin hoede en tagelyk mystearje tasei. It wie dêr ek dat as men krekt foar Bakkefean de bosk yngie dat men de Aldfaars bewûnderje koe. Sa waarden dy âlde, mânske beammen teminsten troch ús heit-en-dy neamd. Oft it no bûken of iken wiene wit ik net, mar se makken alle kearen likefolle yndruk. Grouwe stammen, ymposante krunen, de stjurre tiid dy’t him yn de bast iepenbiere. Dy beammen wisten alles om’t se alles sjoen en meimakke hiene, sa waard ús ferteld. Bewûndering en respekt kopketûmelen oerinoar hinne as ik foar de Aldfaars stie.
Dat gefoel is altyd by my bleaun. Mei om dy reden kin ik poer wurde as beammen roaid wurde moatte yn ferbân mei de ferkearsfeiligens. De ANWB en it Ryk redenearje dat benammen op provinsjale wegen in protte beammen te ticht op ’e dyk stean. As minsken te hurd ride en de macht oer it stjoer kwyt reitsje, ride se harren samar dea tsjin in beam. Dus is de konklúzje dat dy beammen roaid wurde moatte. Dêr is sa’n 50 miljoen foar beskikber.
In probleem bestiet út oarsaak en gefolch. Om in probleem op te lossen is it logysk om de oarsaak oan te pakken en net it gefolch. En lit dat no krekt wêze wat de ANWB en it Ryk dogge. De oarsaak is it te hurd riden. Of tefolle alkohol drinke of ûnder it riden wei appe of belje. Is it de skuld fan de beam as minsken harren ferantwurdlikheid net nimme? Yn de harsenkronkels fan dy beide partijen blykber al. Tagelyk is it ek eksimplarysk foar hoe’t wy as minskheid mei de natuer omgean. De natuer is wat dat yn it paad stiet of leit, dat is wat om te eksploitearjen, út te rûpeljen en foar ivich te fernielen.
De aksje om hiele leanen te ûntboskjen foar de ferkearsfeiligens is absurd en slim ûnnoazel. Want is it net sa dat in selde persintaazje minsken harsels te pletter rydt tsjin in fangrail? Dy’t dêr nota bene foar de feiligens pleatst binne? Of tsjin in lampepeal? Wannear soe it berjocht komme dat alle lampepeallen oan ’e kant fan ’e dyk fuort helle wurde? Beammen dy’t ticht op ’e dyk stean binne natuerlike ferkearsremmers. As de ridende minske him teminsten oanpast. Se nimme de Co2-útstjit op, se keare de wyn –noflik foar de fytsers– en se dôvje it kabaal.
Guon Yndiaanske talen ha gjin wurd foar de natuer. Om’t de minske dêr in part, in ûnderdiel fan is. Dat hat hjir oait by ús ek sa west. Tink oan Yggdrasil, de Wrâldbeam as symboal foar de hiele skepping, foar alles dat libbet. Oan de ferhalen fan froeger dat poppen út in holle beam kamen. De beam as symboal foar libben en fuortbestean. It is te hoopjen dat it Ryk en de ANWB harren dat op ’e tiid realisearje."