Barradiel: fiif gadingmakkers

19 jun 2012 - 12:33

Der binne fiif gadingmakkers dy't rekreaasjepark Barradiel yn Tsjummearum oernimme wolle. Dat seit bewâldfierder Oscar van Oorschot. Barradiel waaard begjin dizze moanne fallyt ferklearre.

Eigener Gerben Postma hat in skuld fan 120.000 euro. Dy skuld is neffens him ûntstien trochdat in groep eigeners fan fakânsjewenten wegere om parkbelesting te beteljen. Kurator Van Oorschot seit dat Barradiel 'in park mei potinsje op in moaie lokaasje' is. Hy is foarsichtich optimistysk oer de takomst fan Barradiel.

(advertinsje)