Utnaaide bolle by Appelskea ôfsketten

08 maaie 2018 - 06:04

De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei yn de bosk by Appelskea in losbrutsen bolle ôfsketten. De bolle ûntkaam fan in boerehiem yn de buert en ferstoppe him yn de bosk tusken Oude Willem en de N381. De plysje en meiwurkers fan Steatsbosbehear setten in grutte sykaksje op, wêrby't ek in helikopter ynset waard. Mei help fan de waarmtebyldkamera fan de helikopter waard de bolle fûn. Under de syktocht moast it ferkear op de N381 stadich ride.

(advertinsje)
(advertinsje)